Hooghiemster 2e yn Appelskea

16 jul 2008 - 21:57

René Hooghiemster fan Oentsjerk waard woansdeitejûn twadde yn de Ronde fan Appelskea. Nei 80 kilometer wie Herman Spijkerman fan Súdhorn rapper yn de einsprint. Hooghiemster sette yn it begjin de gong deryn. Sa ûntstie der in sterke kopgroep fan acht man dy't it peloton ynhelle.

Op dat stuit - mei noch 20 kilometer te gean - sette Lieuwe Westra fan Mûnein de turbo derop. Mei help fan broer Jan Hendrik waard yn it lêste rûntsje noch in sechsde plak beskrept.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)