Spul om garaazje Wolvegea

16 jul 2008 - 21:30

De gemeente Weststellingwerf en de famylje Hendriks út Wolvegea ha spul oer in stripe grûn yn it plan Lindewijk. De famylje fielt him sjantearre troch de gemeente.

Troch in flater stiet de garaazje fan Hendriks op grûn fan de gemeente. Dy wol neist dy garaazje parkearplakken meitsje, mar dêr hat Hendriks beswier tsjin. De gemeente wol de garaazje net legalisearje as Hendriks him net by de parkearplakken delleit. De boargemaster wol in petear oer de saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)