Dyk Polderhoofd wer begeanber

It Polderhoofdkanaal
Der komme rydplaten op de iepenlizzende diken by it Polderhoofdkanaal te lizzen. Op dy manier wol de gemeente Opsterlân rûn de Schoustraslús yn de buert fan Nij Beets wer tagonklik meitsje.
It wurk oan it kanaal waard begjin dit jier troch de rjochtbank om miljeuredenen stillein, de diken lizze der al dy tiid opbrutsen by. Ek tsjin it begeanber meitsjen fan de dyk, kaam protest. Troch de rydplaten hoege omwenjenden net mear om te riden.