Amelân skrast kitesurf-regels

16 jul 2008 - 20:35

It wie in typysk gefal fan in 'pearse krokodil': elkenien dy't woe te kitesurfen op it strân fan it Amelân moast dêr in paske foar oanfreegje by de gemeente. Omdat de gemeente dat paskesysteem eins sels ek te burokratysk fynt, wurdt it fuortendaliks ôfskaft.

Elkenien dy't him oan de betingsten foar feilichheid hâldt mei fan tongersdei ôf kitesurfe yn de trije plakken op it Noardseestrân dy't dêrfoar oanwiisd binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)