Lurling bliuwt by NAC

16 jul 2008 - 16:38

Fuotballer Anthony Lurling spilet takom seizoen net by Sportklub Hearrenfean. De oanfaller hat syn kontrakt by NAC Breda mei fjouwer jier ferlingd. Lurling (31) hie wol in oanbieding fan Hearrenfean krigen, mar syn gefoel by NAC is better.

Lurling spilet sûnt ferline seizoen by NAC Breda. Hy kaam earder yn syn karriêre al trije seizoenen út foar Sportklub Hearrenfean. Dat wie fan 1999 oant 2002. Yn 92 wedstriden skoarde Lurling doe 36 kear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)