Wetterskip moat kaai opknappe

16 jul 2008 - 15:53

Wetterskip_Fryslân moat fan de Raad_van_State in stik kaai oan it Van_Panhuyskanaal tusken Tsjerkwert en Makkum opknappe. It lân fan in lâneigner dêr spielt fuort trochdat de kaai net goed ûnderhâlden is.

De man easket dat der wat oan dien wurdt. Yn de planning wurdt lykwols it opknappen fan oare kaaien wichtiger fûn; bygelyks fanwege de feiligens. Mar de Raad_van_State fynt dat de kaai der al sa lang min hinne leit, dat it wetterskip no yn aksje komme moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)