Krityk ynspeksje op swimbaden

© Omrop Fryslân
De VROM-ynspeksje hat by twa Fryske oerkape swimbaden fêststeld dat der net goed omgien wurdt mei gemikaliën.
De ynspeksje hat in grut lanlik ûndersyk útfiert nei it neilibjen fan feilichheidsfoarskriften. By 28 fan de 72 swimbaden kamen se earnstige oertredings tsjin. Op 'e Lemmer by hotel Iselmar die bliken dat der natriumsoer opslein waard by de masines en dat mei net. Yn Appelskea fûn de ynspeksje gloar yn ôffalputsjes dat sa it rioel yn rinne koe.