Beerens bliid mei útferkiezing

16 jul 2008 - 11:22

Oer in pear wike begjinne de Olympyske Spelen yn Peking en dêr sille ek trije fuotballers fan Hearrenfean by oanwêzich wêze. Gerald Sibon, Calvin Jong-A-Pin en Roy Beerens binne selektearre troch Foppe de Haan.

Foar Beerens is de seleksje in opstekker, want hy hie stevige konkurrinsje fan PSV'er Nordin Amrabat. Bûnscoach De Haan jout de foarkar oan Beerens, omdat hy in echte rjochtsbûten is. Nordin Amrabat is no reserve.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)