Steegstra wurdt grinsrjochter

© Omrop Fryslân
Skiedsrjochter Hessel Steegstra út Snits wie tiisdetejûn assistint skiedsrjochter by de oefenwedstriid Cambuur-Excelsior. De 30-jierrige Snitser debutearre as grinsrjochter yn it betelle fuotbal.
Steegstra hat in tal jierren besocht om by de top fan de skiedsrjochters te kommen mar is ta de konklúzje kaam dat dy top der net yn sit foar him. Dêrom hat hy it beslút nommen om oer te stappen fan skiedsrjochter nei grinsrjochter.