Atsma: reinput yn de tún

Atsma: reinput goed foar it miljeu
Alle huzen dy't nijboud wurde, moatte in reinput yn de tún krije. Dat fynt it Fryske CDA-keamerlid Joop Atsma. Der moat in subsydzjeregeling foar komme. Neffens Atsma drage de putten by oan in better miljeu. Mei it wetter dat opfongen wurdt, kin de tún sproeid of de auto wosken wurde.
De oanlis fan sa'n put soe tûzen euro kostje. Atsma fynt dat gemeenten, provinsjes, it Ryk en de wetterskippen dêr oan meibetelje moatte, om it brûken fan reinputten te stimulearjen.