Gjin moksels mear yn winkels

15 jul 2008 - 19:10

Troch de hege mokselpriis binne der yn Fryslân hast gjin farske moksels mear te keap. Fiskboeren moatte der bedragen fan 6 oant 11 euro de kilo foar freegje en doare it mei sokke hege prizen net oan.

De hege priis is ek it gefolch fan de krapte oan mokselsied. Om miljeuredenen mei der gjin mokselsied mear kweekt wurde op Waadsee. Leafhawwers hoege dit jier net sûnder moskels te sitten: op bestelling binne se noch wol te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)