Hûnestront-gedoochplak Deinum

De Deinumer hûnestront-gedoochsône
De oanpak fan it hûnestrontprobleem yn Deinum wurdt yn de takomst as foarbyld brûkt foar hiel Menameradiel. Yn Deinum binne gedoochplakken dêr't hûnen skite meie, sûnder dat de stront oprêden hoecht te wurden. Hjirtroch leit der op oare plakken hast gjin hûnestront.
De gemeente is dêr sa oer te sprekken dat ek oare doarpen dit konsept oernimme meie. Pleatslik belang Deinum is grutsk oer it súkses fan 'e Deinumer oanpak.