De Jong wint Colin Archer Race

15 jul 2008 - 15:47

Sylboat Wiper One fan skipper Robert de Jong út Hellevoetsluis hat as earste de einstreek yn Noarwegen berikt yn de Colin Archer Memorial Race. De sylrace fan Lauwerseach nei it Noarske Larvik sette ôfrûne sneon út ein. De Jong hat 46 oeren wurk hân fan de 700 kilometer tusken de plakken. Dat is in rekord yn de skiednis fan de sylrace.

De Colin Archer Memorial Race is in twajierlikse sylrace dy't yn 1982 begûn is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)