Friezen op wrâldjongerendagen

15 jul 2008 - 12:29

Sa'n 160.000 katolike jongeren út de hiele wrâld binne dizze wike byinoar yn it Australyske Sydney foar de Wrâldjongerendagen. Under harren ek in groep Friezen, sy meitsje diel út fan in groep fan 57 jongerein út it bisdom Grins-Ljouwert.

De jongeren jouwe mei ferskate aktiviteiten omtinken oan it leauwen. Ek Paus Benedictus de 16de bringt in besite oan de jongerendagen. Hy sil ek in pear kear foargean yn de mis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)