Mear medisinen tsjin blautong

15 jul 2008 - 12:20

Boeren meie fan woansdei ôf trije soarten medisinen brûke tsjin blautong. Minster Verburg jout dêr frijstelling foar, omdat it giet om middels dy't yn Nederlân noch net offisjeel registreard steane.

De trije middels bestride it ynsekt dat de sykte blautonge oerbringt op fee. Se kinne foaral geskikt wêze foar boerebedriuwen dêr't it fee net yninte wurdt tsjin blautonge. Sûnt maaie mei der yninte wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)