MCL dielt wolkomstaskes út

15 jul 2008 - 11:51

It Ljouwerter sikehûs MCL dielt fan tiisdei ôf wolkomstaskes út oan pasjinten dy't dêr oernachtsje moatte. Der sit ûnder oare lêsguod, waardebonnen, sjippe en pipermintsjes yn. It idee achter de taskes is dat in pasjint flugger herstelt as dy him mear wolkom fielt yn it sikehûs.

Alle jierren sil it MCL meiïnoar 27.000 fan dy wolkomstaskes útdiele. Bestjoersfoarsitter Wander Blaauw fan it MCL dielde tiisdeitemoarn it alderearste taske út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)