Bou wenten Harkema ferskood

© Omrop Fryslân
De bou fan nije wenningen op de Harkema rint fertraging op. De gemeente Achtkarspelen woe nei de simmer mei earste wurksumheden oan de noardeastkant fan it doarp begjinne.
Trochdat de proseduere om mei de bou begjinne te kinnen langer duorret, kin der no pas begjin takom jier begûn wurde. It nijbouplan De Singel bestiet út 26 wenningen. Tsien dêrfan wurde hierwenten.