Brân op kruser PM-kanaal

15 jul 2008 - 09:47

De brânwacht hat moandei op it Prinses Margrietkanaal by De Hommerts in brân oan board fan in kruser útmakke. In Dútsk echtpear wie mei twa bernsbern oan it farren doe't der reek út de motor fan it skip kaam.

De opfarrenden binne troch in oare boat fan board helle. De brânwacht hat it fjoer útmakke. It is noch net dúdlik hoe grut de skea oan it skip krekt is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)