UWV-ûndersyk yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Utkearingsynstânsje UWV ûndersiket yn Fryslân hoe't it kin dat jonge handikapten dy't in baan fine dy baan nei in jier faak wer kwytreitsje. By in tredde fan de jonge handikapten is dat it gefal. It UWV wol útfine hoe't dat kin troch twa jier lang jonge handikapten te folgjen.
It ûndersyk wurdt dien yn gearwurking mei de Rijksuniversiteit Groningen. It begjint takom jier en wurdt ek yn Grinslân en Drinte hâlden.