Wer treinen Snits-Starum

© Omrop Fryslân
De treinen tusken Snits en Starum ride wer. Tiisdeitemoarn wie der hast in oere gjin treinferkear mooglik fanwege in brân op it trajekt. Tusken Snits en Warkum stienen spoarbielzen yn 'e brân. Wat dêr de oarsaak fan wie is net bekend.
De brân waard ûntdutsen troch de masinist fan de earste trein tusken Snits en Starum. De warskôge brânwacht hat it fjoer útmakke.