ICT wol minder enerzjy brûke

14 jul 2008 - 20:25

De ICT-sektor wol de útstjit fan CO2 yn de takomst mei 30 prosint werombringe. Op dit stuit is it enerzjyferbrûk troch kompjûters en dataservers hast op itselde nivo as dat fan in heal miljoen húshâldens. Foaral it kuoljen fan de servers fret in protte enerzjy.

De ICT-sektor spruts juster dêrom mei steatsektetaris Heemskerk fan Ekonomyske Saken ôf om de enerzjy-fergrimerij oan te pakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)