It Hearrenfean winner SKS

It SKS-Skûtsjesilen op 'e Wide Ie by de Feanhoop is moandei wûn troch Pieter Brouwer fan It Hearrenfean. In bysûndere prestaasje, om't it skûtsje as trettjinde starte moast. Wâldsein einige as twadde, Boalsert as tredde.
De wedstriid wie hektysk. Ljouwert moast it wetter mei averij ferlitte nei in oanfarring mei d'Heale Moanne. Ferskate skûtsjes makken flaters en moasten efteroan oanslute. Pieter Meeter fan Boalsert sloech oerboard nei in oanfarring.