Mear krityk op Sionsberg

14 jul 2008 - 15:26
  • Sikehûs De Sionsberg yn Dokkum

Soarchfersekerder De Friesland wol útlis fan 'e direksje fan De Sionsberg yn Dokkum oer de minne skoare foar boarstoperaasjes yn in ûndersyk fan it AD. By de Sionsberg moatte 4 fan de 10 froulju dy't in boarst-operaasje hân ha weromkomme omdat de earste operaasje net goed ôfmakke is.

It giet om operaasjes wêrby't in tumor sjirurgysk fuorthelle wurdt. De noarm is dat 9 op de 10 boarst-operaasjes goed dien wurde. De oare sikehûzen fan Fryslân foldogge wol oan dizze noarm.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)