Fragen Atsma oer taalbelied

© Omrop Fryslân
CDA-twadde keamerlid Joop Atsma stelt moandei fragen oer it krityske rapport fan de Ried fan Europa oer de posysje fan it Frysk en it Stellingwerfs. De fragen binne rjochte oan de ministers Plasterk fan ûnderwiis en Ter Horst fan ynlânske saken.
De Ried fan Europa fynt dat de ryksoerheid mei belied komme moat as it giet oer lesjaan yn it Frysk en it Stellingwerfs. No wurdt dat oan provinsje en gemeenten oerlitten, wylst it ryk ferantwurdlik is.