Fryske dielnimmer Windmill Cup

Niels Lootsma: winst yn earste omloop
Foar it earst sûnt jierren docht der in Frysk tennistalint mei oan tennistoernoai de Windmill Cup yn Ljouwert. En Niels Lootsma (13) út Ljouwert docht it goed, want de earste rûnde wûn er ferrassend fan it Russyske talint Igor Tzoebov.
Lootsma stiet 500ste op de wrâldranglist. Oan it toernoai docht de potinsjele wrâldtop mei yn 'e leeftyd fan 11 oant 15. Toppers as Leyton Hewitt en Michaela Krajicek ha it toernoai alris wûn.