Operaasjes Sionsberg net goed

14 jul 2008 - 12:34

Froulju mei boarstkanker moatte by sikehûs De Sionsberg yn Dokkum te faak in twadde operaasje ûndergean, omdat it de earste kear net goed gien is. De Sionsberg stiet op it 93ste plak fan de Top 100 boarstoperaasjes fan it AD. It giet om operaasjes wêrby't in tumor sjirurgysk ferwidere wurdt. Neffens de noarmen soe dat yn 9 fan de 10 kear goed gean moatte. De Sionsberg hellet dat net. De oare Fryske sikehuzen bliuwe wol binnen de noarm op it mêd fan boarstkanker-operaasjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)