'Taalbelied ryk ûnfoldwaande'

De ekperts op in harksit yn Ljouwert
De Nederlânske oerheid moat folle mear dwaan oan it ûnderwiis yn it Frysk, it Stellingwerfs en Limburchsk. Dat seit de Ried fan Europa yn in kritysk rapport oer it beskermjen fan de minderheidstalen yn Nederlân.
No moatte provinsjes en gemeenten har der mar mei rêde, en dat liket nearne nei, sa fynt de Ried fan Europa, want it ryk is sels ferantwurdlik. Ek foar de sigeunertaal Romanes moat belied ûntwikkele wurde, sa fynt de Ried fan Europa.