Stroetinga praat mei Milram

14 jul 2008 - 11:02

Hurdfytser Wim_Stroetinga fan Aldeberkeap giet mooglik nei Milram, in ploech út de Protour. Hy hat praat mei de formaasje en nei de Olympyske Spelen wurdt dúdlik oft it troch giet. 'Ik bin bliid mei de ynteresse, mar der is noch neat rûn', neffens Stroetinga. Hy soe nei Pieter Weening de twadde Fries yn de Protour wurde.

Stroetinga riedt him op dit stuit ta op de Spelen yn Peking. Tongersdei wurdt bekend oft hy by de definitive baanseleksje sit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)