Rjochtsaak âldjiers-fandalen

14 jul 2008 - 10:01

16 minsken dy't har misdroegen hawwe mei âld en nij moatte kommende woansdei foar de rjochter ferskine. It giet om alve ynwenners fan Ferwerderadiel, Dongeradiel, Dantumadiel en Smellingerlân.

Ek fiif ynwenners fan Haulerwyk moatte foarkomme. Under har binne ek trije minderjierrigen. De 16 ha har skuldich makke oan geweld, fernielings, mishanneling, brânstifting of it hinderjen fan de brânwacht. By de folwoeksenen komt de útspraak gelyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)