Fabriek tredde yn Frankryk

Dirk Fabriek (foto Martin de Jong)
Gersbaanracer Dirk_Fabriek fan It_Hearrenfean is sneintejûn tredde wurden op in grutte ynternasjonale wedstriid yn Frankryk. Yn de A-finale moast hy de Dútser Gerd_Riss en de Frânsman Stefan_Tresarrieu foargean litte.
Theo_Pijper krige yn de A-finale pech mei de motor en einige as sechsde. Jannick_de_Jong hie de hiele dei maleur en einige úteinlik op it 17e plak. Foar Fabriek wie it syn tolfde poadiumplak yn 14 wedstriden.