Trochride nei oanriding

14 jul 2008 - 09:38

De plysje hat sneintejûn in ynwenner fan Ljouwert oanhâlden, dy't trochriden wie nei in ûngelok. De man ried op de Foarstreek yn syn wenplak in 22-jierrige fytser oan. Dêrnei naaide er út, mar de plysje koe syn auto letter trasearje yn de Korfmakjerstrjitte yn Ljouwert.

Doe't de plysje de auto dêr fuortslepe woe, melde de bestjoerder him. It giet om in man fan 40. De fytser rekke by de oanriding net ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)