Chris Wassenaar 83 kear kening

13 jul 2008 - 17:49
  • It winnende partoer(foto Martin de Jong)
  • Hotze Schuil

Chris Wassenaar hat snein yn Boalsert skiednis skreaun by it keatsen. Hy koe by de frije formaasjepartij syn 83e keningspriis pakke. Dêrmei kaam er it rekord fan Hotze Schuil benei en koe er yn de top tsien komme fan it totaalklassemint mei 629 punten.

De grutte fan Minnertsgea pakte beide trofeeën. Hy wûn de finale mei broer Jacob Wassenaar en Rutmer van der Meer mei 5-2 en 6-6 fan Klaas Berkepas, Jan Willem van Beem en Daniël Iseger. It wie ek noch syn 142e oerwinning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)