Partoer Dijkstra wint yn Huzum

© Omrop Fryslân
De frije formaasjepartij keatsen yn Huzum is snein wûn troch Géjanna Dijkstra, Gérieke de Groot en Afke Hijlkema. Se wûnen de finale op 5-5 en 6-4 fan Afke Kuipers, Ingrid de Haan en Leonie van der Graaf.
De lytse preemje wie foar Klaske de Jong, Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken. Afke Hijlkema waard keninginne en dy titel pakte se yn Huzum foar de fyftichste kear.