Schuil en Nummerdor winne EK

13 jul 2008 - 14:05

Richard Schuil fan Ljouwert en syn maat Reinder Nummerdor ha snein yn Hamburg de Europeeske titel beachfoljebal ferovere. It duo fersloech yn de finale de Dútsers Kay Matysik en Stefan Uhmann mei 21-15 en 21-18.

Earder op de dei wûnen se yn de heale finale fan de Dútsers Julius Brink en Christoph Dieckmann mei 21-19 en 21-11. Ferline jier moasten Schuil en Nummerdor it dwaan mei sulver op it EK.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)