Sykaksje Iselmar stopset

© Omrop Fryslân
De sykaksje nei in sûnt tongersdei fermiste siler op de Iselmar, hat ek sneon neat opsmiten. De sykaksje is no stopset. It drechteam fan de KLPD hat it gebiet op 'e hichte fan Breesândyk sneon op 'e nij ôfsocht. Dat barde mei trije boaten en sonarapparatuer.
Ek de rêdingsmaatskippij sette in boat yn. De siler sloech tongersdei koart foar middernacht oerboard. Dy nacht socht de Kustwacht mei in helikopter en sân rêdingsboaten. Freed en sneon waard fierder socht, sûnder resultaat.