Siler fan jacht helle

13 jul 2008 - 10:39

De rêdingsboat fan Skiermûntseach en in SAR-helikopter hawwe sneontemiddei in opfarrende fan in sylboat helle. It syljacht wie sa'n 29 kilometer noard fan Skiermûntseach doe't de opfarrende net goed waard. Dêrop waard it Kustwachtcentrum yn Den Helder alarmearre.

In dokter bepaalde dat de siler fan board helle wurde moast. Dêrop waarden de rêdingsboat en de helikopter ynsetten. Dy hawwe de siler nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)