Schuil yn heale finale

Richard Schuil
Richard Schuil en Reinder Nummerdor hawwe op de Europeeske kampioenskippen beachfoljebal de heale finales berikt. Se fersloegen sneon it Poalske duo Fijalek en Prudel.
Yn de heale finale moatte Schuil en Nummerdor it opnimme tsjin de Dútsers Brink en Dieckmann. Schuil en Nummerdor binne as iennichste Nederlanners oerbleaun yn it toernoai. Ferline jier hellen se sulver op it EK.