Beachfoljeballers troch op EK

12 jul 2008 - 14:19

Beachvolleyballer Richard Schuil fan Ljouwert en syn maat Reinder Nummerdor hawwe harren pleatst foar de fjirde ronde fan de Europeeske kampioenskippen beachfoljebal.

It Nederlânske koppel wûn mei 25-23, 14-21 en 15-13 fan it Switserske duo Heuscher/Heyer. It wie foar Schuil en Nummerdor de tredde oerwinning op rige op it toernoai yn Hamburg.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)