Grutste sylrace fan start

© Omrop Fryslân
Yn Lauwerseach is sneontemoarn de Colin Archer Memorial Race út ein set; in sylwedstryd nei it Noarske Larvik. Mei 120 dielnimmers klaimt de organisaasje de grutste sylrace te wêzen fan Nederlân. Se dogge der tusken de trije en fiif dagen oer.
Nettsjinsteande de rein kaam der in soad publyk nei de start. Troch it minne waar krigen de skippen it op see fuort dreech: op it earste seegat krigen se behoarlike golven te ferwurkjen.