Undersyk deade Ljouwerter

12 jul 2008 - 13:25

It is noch net dúdlik hoe 't de man dy't dea fûn is yn syn wenning yn Ljouwert, om it libben kaam is. Dêrom wurdt it stoflik omskot fan de 44-jierrige man ûndersocht yn it Nederlands Forensisch Instituut yn Rijswijk.

De man waard freedtenacht fûn yn syn wenning oan de Gerbrandywei. Spesjalisten fan de plysje Rotterdam-Rijnmond helpe by it ûndersyk mei digitale byldtechniken. Der wurkje noch 30 resjersjeurs oan de saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)