Sykaksje Iselmar giet fierder

12 jul 2008 - 10:44

It Korps Landelijke Politie Diensten is sneontemoarn fierder gong mei de sykaksje nei de fermiste siler op de Iselmar. By de sykaksje wurde meardere boaten ynsetten, wêrûnder ien mei sonarapparatuer.

Mooglik komme der ek dûkers yn aksje. De siler sloech tongersdei koart foar middernacht oerboard. De Kustwacht en it KLPD hawwe sûnt dy tiid mei in helikopter en boaten nei de drinkeling socht. Oant no ta dus sûnder risseltaat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)