Skip klapt op jachten

11 jul 2008 - 22:58

In binnenfeartskip hat freed grutte skea oanrjochte oan in tal boaten en in steiger yn de Houkesleat fan Snits. Om in oer as healwei seizen gong it skip de Schuttevaerhaven út om nei in oar lisplak te farren.

De skipper brûkte de boechskroef om it skip op koers te hâlden. Omdat de stroom útfoel, koe de skroef net mear betsjinne wurde. It binnenfeartskip klapte tsjin de steiger fan in boateferhierbedriuw. De steiger en trije boaten rekken skansearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)