Hearrenfean wint oefenduel

11 jul 2008 - 22:46

SC_Hearrenfean hat syn earste oefenwedstriid tsjin in regioseleksje fan Gaasterlân/Sleat mei 5-0 wûn. De ploech fan trainer Trond_Sollied stie nei 12 minuten al op in 2-0 foarsprong troch doelpunten fan Matusiak en Arnor Smárason, mar in doelpuntefestival waard it net. Will_Johnson skoarde krekt foar it skoft de 3-0.

Yn de twadde helte stie der in folslein nij alvetal yn it fjild. Paulo_Henrique en Samuel_Armenteros soargen foar de 5-0 einstân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)