Bytsje seks studintes Ljouwert

11 jul 2008 - 17:55

Froulike studinten yn Ljouwert dogge it minst faak oan seks. Dat is ien fan de konklúzjes fan in ûndersyk fan Kamerlink.nl. Kamerlink.nl is in site foar studinten dy't in keamer ha wolle of ferhiere. Meiïnoar ha goed 1200 studinten yn 15 studintestêden meidien oan de enkête. Studintes yn Ljouwert sekse yn trochsneed 79 kear yn't jier.

Dêrmei komme se as leechste út de bus. Manlike studinten yn Ljouwert binne in stik aktiver. Se dogge it 55 kear faker yn't jier as de studintes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)