Frjentsjerter filmt yn badhok

© Omrop Fryslân
In man (44) út Frjentsjer is tongersdei yn it Limburchske Reuver oanhâlden op fertinking fan it filmjen fan in 18-jierrich famke yn it klaaihokje fan it swimbad. It famke seach by it omklaaien in telefoan op de grûn. Doe't se de telefoan oppakte ûntduts se dat de kamera oan stie.
De frou hat de telefoan oan har freon oerlange. De fertochte pakte de telefoan wer werom, mar koe even letter oanhâlden wurde troch de plysje. De man is ynsletten.