Oargelist Boalsert nei Londen

11 jul 2008 - 15:35

Alle sneinen is Kees Nottrot te finen achter it ieuwenâlde Hinsz-oargel yn de Martini-tsjerke yn Boalsert. Mar nije wike snein ferruilet de oargelist syn oargel yn Boalsert foar it oargel fan de Westminister Abbey yn Londen.

Dizze wrâldferneamde Ingelske katedraal is benammen bekend fan syn bân mei in Britse keningshûs. Nottrot is de earste Fries dy't in konsert jaan mei op dit oargel. Hy waard útnoege troch de fêste oargelist fan de Westminster Abbey.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)