Lúkse bungalows op Roggeberg

11 jul 2008 - 12:45

Kamping de Roggeberg yn Appelskea komt mei plannen foar 36 nije lúkse bungalows. Begjin takom jier moatte se al boud wurde, op in stik grûn ticht by de N381. Dy grûn wurdt no allinnich brûkt wurdt foar tinten en karavans, as it echt hiel drok is op de kamping.

Doel is dat de bungalows allegearre ferkocht wurde oan partikulieren, mar eventueel kinne dy de húskes wol ferhiere litte troch de Roggeberg. De bungalows kostje ûngefear 200.000 euro it stik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)