Deade man (44) fûn yn Ljouwert

De plysje sette de omjouwing ôf
De plysje yn Ljouwert docht ûndersyk nei de dea fan in 44-jierrige man út Ljouwert. It stoflik omskot waard tongersdeitenacht fûn troch in buertbewenner fan syn hûs oan de Gerbrandywei. Seksje moat útwize oft der sprake is fan in misdriuw.
De wenning en de direkte omjouwing binne ôfset en der is bewaking ynsteld. De technyske resjerzje docht op dit momint in spoare-ûndersyk. De plysje hat 30 man op de saak set, der wurdt ek buertûndersyk dien.