Syktocht drinkeling Iselmar

Der is oeren socht nei de drinkeling.
De kustwacht hat yn de nacht fan tongersdei op freed op it Iselmar by Breesândyk oeren lang socht nei in man dy't krekt foar middernacht fan in syljacht fallen is. Om fjouwer oere is de sykaksje stopset. Der is socht mei sân boaten en in helikopter. De plysje giet der net fan út dat de man noch libben oantroffen wurd.
It korps lanlike plysjetsjinsten sil nei alle gedachten freedtemoarn in team ynsette om te drêgjen.