Bakkerswinkel lanlik foarbyld

Bakkerswinkel De Bôlekoer yn Marsum wurdt lanlik brûkt as foarbyld. De winkel is yn 2006 iepene op inisjatyf fan doarpsbelang. Ferskate ynstânsjes hawwe jild op tafel lein om de ûndernimming fan de grûn te krijen en frijwilligers út it doarp holpen mei. In protte ynwenners fan Marsum keapje no de bôle by De Bôlekoer.
It projekt is sa'n sukses dat de Konkinklijke Heidemaatschappij it as it goede foarbyld neamt foar oare doarpen.